
Bêste famylje Herder, Hjoed ha jimme jim leave man, heit, broer en swager te hôf bringe moaten. Dêr kin en wol ik net oan foarby gean. Hy mei der dan wol net mear wêze, moar foar jimme is hy altyd yn jim hert. Yn klasse 6 (groep 8) ha ik him noch yn de klasse hân. Hy stiet by my yn it boek wêr al de bêrn yn steane, wêr 't ik les oan jûn ha as nûmer 141. Dat wie yn it skoaljier 1972. Ek syn broer Harry Herder, ferstoarn yn 2006, stiet der al yn as nûmer 73. Hy waard ek neamd yn de tsjinst. ... Wy, myn frou en ik, ha it ôfskie mei belibje kinnen fia ynternet. It wie in waardich ôfskie om op werom te sjen, ek letter.... Rêst my om jimme allegearre noch in protte sterkte ta te winskjen yn de tiid dy't komt. Wês der foar elkoar, dat is belangryk. Hertlike groetnis, ek út namme fan myn frou. Arjen van Steinvoorn, Frjentsjer.
Geplaatst: 05-03-2021Er wordt getoetst of de inhoud van uw bericht voeldoet aan de door Mensenlinq.nl gestelde waarden en normen. Mocht dit niet het geval zijn, behouden wij ons het recht voor om uw bericht te verwijderen.